In Dream yn in Dream

In Dream yn in Dream
algemiene gegevens
oarspr. titel A Dream within a Dream
auteur Edgar Allan Poe
taal Ingelsk
foarm poëzij
sjenre lyrysk gedicht
1e publikaasje 1849
bondel The Works of the Late
   Edgar Allan Poe
oersetting nei it Frysk
Fryske titel In Dream yn in Dream
publikaasje 2008, yn HJIR
oersetter Herman Peenstra

In Dream yn in Dream, yn it oarspronklike Ingelsk: A Dream within a Dream, is in gedicht fan 'e hân fan 'e ferneamde Amerikaanske skriuwer, dichter, redakteur en literatuerkritikus Edgar Allan Poe (1809-1849). Yn dit gedicht, dat bestiet út 24 fersregels yn twa kûpletten, wurdt it ûnderskie tusken reäliteit en fantasij befrege. A Dream within a Dream is ien fan Poe syn bekendere gedichten, dat gauris adaptearre is, û.m. ta in film en ferskate lieten. It waard foar it earst publisearre yn maart 1849, yn it Bostonske tydskrift Flag of Our Union. De Fryske oersetting, fan Herman Peenstra, datearret út 2008.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy